From Wikipedia, the free encyclopedia
De Domp is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk hat (yn 2008) 1860 ynwenners en hat in oerflakte fan 119 hektare (wêrfan 8 hektare wetter). De strjitten yn De Domp bine neamd nei bekende wetters om Snits.
De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Pasveer, yn it easten oan de Stedsrûnwei East, yn it suden oan it Sperkhim en it Yndustryterrein Houkesleat en yn it westen oan de It Eilân en de Stedsfinne.
De grutste ferkearsier fanb de wyk is de Griene Dyk dy't de noardlike grinswei foarmet. Wetterwegen yn de wyk binn de Aldfeart, dy't de eastlike grins foarmet en de Houkesleat (de súdlike grins). Yn it uterste súdeasten fan de wyk leit it Houkesleat Akwadukt.
De Domp krige syn namme troch de slûs op it punt dêr't de Aldfeart en de Griene Dyk elkoar krúsje. In domp betsjut yn it Ald-frysk daam mei dûker. De Domp I is om 1970 boud.
De yn de wyk lizzende Jachthaven De Domp is krektsa ferneamd, dy is noch altiten iepene. Oant 1950 stie ek Wettermûne de Domp tichtby de Griene Dyk. Ien fan de noch werkenbere gebouwen út dizze tiden is depleats De Domp, tichtby de wetterkearing. De Domp is yn de perioade oom 2010 flink útwreide ten noarden fan de Griene Dyk (efter de pleats), dit gebiet wurdt ek wol Domp II neamd.
Yn de wyk is in buertferiening aktyf mei de namme Wykferiening De Domp. De feriening beheart it De 4 Wiken.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.