Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Coulonhûs is in steatlik pân en ryksmonumint op de hoeke fan de Doelestrjitte/Grienewei yn Ljouwert. It is mei de keppele gebouwen oan de Doelestrjitte it ûnderkommen fan de Fryske Akademy. It hoekpân is yn 1713 set. Ferskate keamers binne ynrjochte yn 'Hollânske' Loadewyk XIV-styl, mei bysûndere skilderijen en houtfykwurk.
It hûs is neamd nei de earste bewenner Anthonius Coulon, dy't it hûs yn de 18e iuw sette liet. Anthony waard yn 1682 berne yn Frankryk. Hy flechte as hugenoat mei syn famylje ein 17e iuw nei Amsterdam. Oan it begjin fan de 18e iuw fêstige hy him yn Ljouwert as boumaster fan de Fryske steedhâlders. Coulon wurke as boumaster foar steedhâlder Johan Willem Friso, syn widdo 'Marijke-Meu' en harren soan, dy't letter, as Willem IV, de earste algemien steedhâlder fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen waard.
Anthonius Coulon ferstoar yn 1749. De grêfstien fan Coulon stiet yn de tún fan de Akademy. Syn wurk waard fuortset troch ien fan syn soannen, dy't as boumaster foar steedhâlder Willem V wurke. In oare soan wurke as útjouwer by de Frjentsjerter Universiteit.
Yn it oprjochtingsjier 1938 beluts de Fryske Akademy twa keamers yn it Coulonhûs. Wyls brûkt de Fryske Akademy ek de neistlizzende pânen. Op de hoeke fan it gebou sit in rige wapenstiennen fan Fryske gemeenten, fan de provinsje Fryslân, de Dútske Fryslannen en de Ottema-Kingma Stichting. Dy hawwe allegear in soad bydroegen oan de ferbouwing fan it hoekpân yn de jierren fyftich fan de foarige iuw. It grutte brûnzen wapen fan de Fryske Akademy wurdt beskerme troch in swan dy't de provinsje Fryslân foarstelt. Dit gehiel is in geskink fan 'Den Haag'. Yn 1959 waard it ferboude Coulonhûs iepene en krigen alle keamers yn it pân nammen, wêrûnder dy fan de Nederlânske, East-Fryske en Noard-Fryske Waadeilannen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Coulonhûs (Leeuwarden) fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.