From Wikipedia, the free encyclopedia
Celle is in stêd yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en de haadstêd fan de lânkring Celle. De stêd leit oan de rivier Aller en foarmet de súdlike poarte nei de Lüneburger Heide. Celle is ien fan de sân Große selbständige Städte yn Nedersaksen.
Celle | |
---|---|
De lizzing fan 'e gemeente Celle yn de lânkring Celle | |
flagge | wapen |
polityk | |
lân | Dútslân |
dielsteat | Nedersaksen |
lânkring | Celle |
grutste plak | Blumhage |
tal stedsdielen | 17 |
sifers | |
ynwennertal | 69.399 (2018) |
oerflak | 175,04 km² |
befolkingstichtens | 396 / km² |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 52° 37´N 10° 04´E |
webside | www.celle.de |
De binnenstêd fan Celle hat mear as 400 fakwurkhuzen; de âldsten binne út de 15e iuw. It sintrum fan Celle waard sparre fan bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich.
Op 23 km benoarden Celle leit Bergen, koart foar en yn de oarloch lei dêr it konsintraasjekamp Bergen-Belsen.
Oan de súdwestkant fan de stêd it fleanfjild Wietzenbruch, dêr't tsjin it ein fan de jierren 1940 wei in loftbrêge nei Berlyn ûnderhâlden waard.
De stêd Celle is njonken in stêd ek in gemeente en neffens de Nedersaksyske gemeentewet te ferdielen yn de folgjende stedsdielen:
Stedsdiel | Ynwenners (sifers 2016) | Oerflak / km² | Ynwennertal / km² |
---|---|---|---|
Altencelle | 4.804 | 24.280 | 198 |
Altenhagen | 856 | 7.102 | 121 |
Blumlage (de binnenstêd) | 8.374 | 4.011 | 2.088 |
Bostel | 602 | 5.359 | 112 |
Boye | 841 | 8.449 | 100 |
Garßen | 2.725 | 32.891 | 83 |
Groß Hehlen | 2.846 | 14.950 | 190 |
Hehlentor | 7.746 | 3.530 | 2.194 |
Hustedt | 558 | 14.198 | 39 |
Klein Hehlen | 5.795 | 4.997 | 1.160 |
Lachtehausen | 642 | 7.461 | 86 |
Neuenhäusen | 7.951 | 2.970 | 2.677 |
Neustadt/Heese | 10.728 | 10.216 | 1.050 |
Scheuen | 1.047 | 13.093 | 80 |
Vorwerk | 3.185 | 3.894 | 818 |
Westercelle | 6.936 | 7.967 | 871 |
Wietzenbruch | 4.837 | 10.671 | 453 |
Meiïnoar | 70.473 | 176.045 | 400 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Celle fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.