Bruorren Marx
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Bruorren Marx wienen Amerikaanske bruorren dy't muzyk en letter ek komedy makken.
Oarspronklik wie it in famyljegroep, mei mem en muoike, mar as De Bruorren Marx wienen it allinnich fjouwer bruorren. Der hawwe lykwols fiif bruorren oan meidien, om't njonken Groucho, Chico en Harpo ien fan harren jongere bruorren meidie. Oarspronklik wie dy lêste Gummmo, mar doe't dy yn it leger gie waard syn plak oernaam troch Zeppo. Doe't de groep ferneamd waarden en films makken, wie dat mei dy fjouwer bruorren. De rolferdieling tusken de bruorren wie doe sa dat de âldste trije bruorren elts in eigen persona hienen, wylst Zeppo de rjochte man wie. Foar de films paste dat lykwols minder, dat Zeppo keas foar in nij wurkpaad yn de technyk, dêr't er úteinlik miljonêr mei wurden is. De oare trije buorren gongen fierder mei de films, oant 1949. Nei dy tiid begûn Groucho by de tillevysje.
De nammen fan de bruorren wienen net oannaam foar de sjo; it wienen de bynammen dy't brûkt waarden yn it Marx-húshâlden. Wylst de bruorren fier ferskilden yn harren rollen, wie der yn dúdlike famyljelikenis. Dan gong sa fier dat hja elkoar yn harren rollen ferfange koenen.
Film | Jier | Groucho | Chico | Harpo | Zeppo |
---|---|---|---|---|---|
Humor Risk | 1921 | Boef | De Italjaan | Watson, detektive | The Love Interest |
Too Many Kisses | 1925 | The Village Peter Pan | |||
The Cocoanuts | 1929 | Mr. Hammer | Chico | Harpo | Jamison |
Animal Crackers | 1930 | Kaptein Geoffrey T. Spaulding | Signor Emmanuel Ravelli | De professor | Horatio Jamison |
The House That Shadows Built | 1931 | geast fan Caesar | Tomalio | De keapman fan Weiners | Sammy Brown |
Monkey Business | 1931 | Groucho | Chico | Harpo | Zeppo |
Horse Feathers | 1932 | Professor Quincy Adams Wagstaff | Baravelli | Pinky | Frank Wagstaff |
Duck Soup | 1933 | Rufus T. Firefly | Chicolini | Pinky | Luit. Bob Roland |
A Night at the Opera | 1935 | Otis B. Driftwood | Fiorello | Tomasso | |
A Day at the Races | 1937 | Dr. Hugo Z. Hackenbush | Tony | Stuffy | |
Room Service | 1938 | Gordon Miller | Harry Binelli | Faker Englund | |
At the Circus | 1939 | J. Cheever Loophole | Antonio Pirelli | Punchy | |
Go West | 1940 | S. Quentin Quale | Joe Panello | Rusty Panello | |
The Big Store | 1941 | Wolf J. Flywheel | Ravelli | Wacky | |
Stage Door Canteen | 1943 | Harpo | |||
A Night in Casablanca | 1946 | Ronald Kornblow | Corbaccio | Rusty | |
Copacabana | 1947 | Lionel Q. Devereaux | |||
Love Happy | 1949 | Sam Grunion | Faustino de Grutte | Harpo | |
Mr. Music | 1951 | Himsels | |||
Double Dynamite | 1951 | Emile J. Keck | |||
A Girl in Every Port | 1952 | Benjamin Franklin 'Benny' Linn | |||
Will Success Spoil Rock Hunter? | 1957 | George Schmidlap | |||
The Story of Mankind | 1957 | Peter Minuit | Muonts | Sir Isaac Newton | |
The Incredible Jewel Robbery | 1959 | Fertochte op plysjeburo | Nick | Harry | |
The Mikado | 1960 | Ko-Ko | |||
Skidoo | 1968 | God |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.