From Wikipedia, the free encyclopedia
De Bristol Beaufighter (de Beau) wie in Britske lange-ôfstâns jachtbommesmiter en multifunksjonele oanfalsfleanmasine, dy't yn de Twadde Wrâldkriich brûkt waard troch de RAF, de Kandeeske loftmacht en de Australyske loftmacht. It tastel waard ûntwurpen en makke troch fleanmasinefabrikant Bristol.
It ûnwerp fan de Beaufighter waard ôflaat fan Bristol syn eardere Beaufort torpedo-bommesmiter.
Oars as de Beaufort hie de Beaufighter in lange karriêre en tsjinne er op hast alle fronten yn de Twadde Wrâldkriich; earst as nachtjager (oant de Mosquito kaam), dêrnei as jachtbommesmiter en letter as torpedobommesmiter, ferfanger fan de Beaufort. Yn Austraalje waard in fariant boud troch it Department of Aircraft Production (DAP) dy't dêr oantsjut waard mei DAP Beaufighter.
Mjitten en prestaasje | Beaufighter Mk. X |
---|---|
Langte: | 12,70 m |
Hichte: | 4,82 m |
Fleugelspanwiidte: | 17,65 m |
Fleugeloerflak: | 19,79 m² |
Oandriuwing: | twa dûbeldstjermotoren Bristol Hercules XVII fan 1.770 hk it stik |
Maks. faasje: | 512 km/o (op 3.048 m) |
Fleanberik: | 2.350 km |
Bemanning: | 2 man |
Leechgewicht: | 7.080 kg |
Fleangewicht: | 11.540 kg |
Tsjinstplafond: | 5.800 m |
Bewapening: | fjouwer 20-mm-kanonnen, seis 7,7-mm-Masinegewearen; ien torpedo of 250-pûn bommen; acht raketten |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bristol Beaufighter fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.