From Wikipedia, the free encyclopedia
In brigade (fan it Frânske brigade) is in wichtige militêre ienheid of formaasje fan 'e lânmacht en it marinierskorps, dy't bestiet út tusken de 3.000 en 11.000 manskippen. Yn 'e measte legers wurde brigades opmakke út trije oant seis bataljons en ferskate ûnderstypjende ienheden. Twa oant fjouwer brigades foarmje in difyzje. De rol dy't de brigade no spilet op it mêd fan 'e oarlochfiering waard foar de ein fan 'e achttjinde iuw ferfolle troch it rezjimint. In brigade is likernôch ekwivalint oan in fergrutte of fuortsterke rezjimint. It befel oer in brigade is yn 'e regel yn 'e hannen fan in brigadegeneraal, bystien troch in luitenant-kolonel of in kolonel.
Soms wurde lytsere eleminten artillery, sjeny en logistike ienheden oan brigades tafoege. Histoarysk waarden sokke mingde brigades soms 'brigadegroepen' neamd. Tsjintwurdich komt it lykwols mear foar dat brigades opboud binne út ien inkeld lânmachtwapen, lykas kavalery, ynfantery (meganisearre ynfantery of pânserynfantery), artillery, loftdoelgeskut of sjeny. Guon brigades wurde klassifisearre as 'selsstannich' en operearje dan bûten de gruttere struktuer fan in difyzje om. Yn 'e legers fan 'e lannen dy't ta de NATO hearre, omfiemet in brigade likernôch 3.200 oant 3.500 manskippen, mar yn 'e legers fan Switserlân en Eastenryk kin dat oprinne oant wol 11.000 man.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.