From Wikipedia, the free encyclopedia
Boppard is in stêd yn de Rhein-Hunsrück-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts, dy't as gemeente yn syn hjoeddeistige foarm bestiet sûnt de bestjoerlike weryndieling fan 1975. De stêd telt 7.540 ynwenners (2019). Mei de doarpen dy't by de stêd Boppard hearre telt Boppard 16.115 (2021) ynwenners. Boppard is in wichtich toeristysk sintrum oan de Ryn en alle jierren ferwolkomt de stêd tûzenen gasten.
Boppard | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15.403 (2021) | |
Oerflak | 74,88 km² | |
Befolkingsticht. | 206 ynw./km² | |
Hichte | 82 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56154 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 13'N 7° 35'E | |
Offisjele webside | ||
boppard.de | ||
Kaart | ||
De stêd leit oan de Midden-Ryn yn it sintrum fan it UNESCO-wrâlderfgoed Bopperin fan de Midden-Ryndelte. De eastlike grins fan de gemeente wurdt foarme troch de Rynigge. Lâns dizze natuerlike grins lizze mei de stêd ek de doarpen Bad Salzig en Hirzenach. Noardlik fan de stêd strekt him de grutste bocht fan de Ryn ut, de Bopparder Hamm, dêr't it grutste wynbouareaal fan dit diel fan de Ryn leit. De Vierseenblick jout in prachtich útsicht oer dizze bocht. Troch't de rotsen fan de Vierseenblick ôf it sicht op de Ryn foar in part weinimme liket it oft men útsjocht op fjouwer marren ynstee fan ien en deselde rivier. In oar plak dat in moai útsicht oer de Ryn biedt is de saneamde Gideonseck.
It stedsbosk mei in oerflak fan 43,6 km² is it op ien nei grutste bosk fan de dielsteat. Sûnt 1969 heart de stêd Boppard ta de lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis.
Ortsbezirk | Ynwenners (2019*) |
---|---|
Boppard-Stêd mei it plak Buchenau | 7.540 |
Bad Salzig | 2.445 |
Buchholz mei it plak Ohlenfeld | 2.777 |
Herschwiesen mei it plakje Windhausen | 310 |
Hirzenach | 272 |
Holzfeld | 431 |
Oppenhausen | 853 |
Rheinbay | 206 |
Udenhausen mei it plakje Hübingen | 531 |
Weiler | 750 |
* ynklusyf ynwenners mei in twadde hûs (gegevens fan de Dútsktalige wikipedy)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boppard fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.