Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In pake- en beppesizzer is de beneaming foar in bern fan in bern. Hjirby giet it yn ôfstamming om 'e trêde generaasje, rekkene fan 'e pake en beppe ôf. Dit is in foarm fan twaddegraads besibskip. Pake- en beppesizzers kinne ûnderskaat wurde yn pakesizzers (yn ferhâlding ta de pake) en beppesizzers (yn ferhâlding ta de beppe). It is hoe dan ek in geslachtsneutrale oantsjutting, dy't dus neat seit oer it geslacht fan 'e pake- en beppesizzers. Oars as it Nederlânsk (kleinzoon, kleindochter) en it Ingelsk (grandson, granddaughter) beskikt it Frysk net oer in wurd dat it geslacht fan 'e pake- en beppesizzers dúdlik makket. It opdwaanderige 'pake- en beppesister' is grammatikaal mooglik, mar wurdt nea brûkt. In like geslachtsneutrale, minder omslachtige, mar ek minder gongbere oantsjutting foar pake- en beppesizzers is bernsbern.
In oerpake- en -beppesizzer of bernsbernsbern is de beneaming foar in bern fan in bern fan in bern. Dat is in foarm fan treddegraads besibskip, wêrby't it giet om 'e fjirde generaasje, rekkene fan 'e oerpake en -beppe ôf. In betoerpake- en -beppesizzer, oeroerpake- en -beppesizzer of bernsbernsbernsbern is de beneaming foar in bern fan in bern fan in bern fan in bern. Dat is in foarm fan fjirdegraads besibskip, wêrby't it giet om 'e fyfde generaasje, rekkene fan 'e betoerpake en -beppe ôf. By eltse fierdere generaasje komt der ien kear mear "oer-" foar "oerpake- en -beppesizzer" te stean.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.