From Wikipedia, the free encyclopedia
Benjamin Moser (Houston, 14 septimber 1976) is in Amerikaansk skriuwer en polyglot dy't yn Utrecht tahâld.
Benjamin Moser | ||
skriuwer | ||
Benjamin Moser op Texas Book Festival, 2009 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Benjamin Moser | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 septimber 1976 | |
berteplak | Houston (Teksas) | |
offisjele webside | ||
Offisjele webside |
Moser gie nei de midelbere skoalle yn Teksas en Frankryk foar't er in graad yn de skiednis helle oan de Brown Universiteit yn Providence (Rhode Island). Hy studearre ek in skofte Sineesk en Portugeesk. Hy helle syn M.A. en Ph.D. oan de Universiteit fan Utert.
Hy is New Books-kollumnist foar Harper's Magazine, skriuwt faak bydragen foar The New York Review of Books en is de skriuwer fan in biografy mei de titel Why This World fan de Brazyljaanske skriuwster Clarice Lispector (Oekraïne, 1920 – Rio de Janeiro, 1977). Hy ûntdiek har wurk doe't er Portugeeske literatuer studearre.
Moser hat oersettingen publisearre út it Nederlânsk, Frânsk, Spaansk en Portugeesk. Njonken dy talen kin er noch seis oare talen sprekke.
Hy wennet yn Utert mei syn partner de skriuwer Arthur Japin en Japin syn útjouwer Lex Jansen. Moser is fan Dútsk-Joadsk komôf.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Benjamin Moser fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.