De Baaiumer Opfeart is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De opfeart rint fan de Frjentsjerter Feart, fuort benoarden de brêge yn de N384 by Wjelsryp, ûnder 'it Tiltsje' troch, it brechje yn 'e Werpsterwei, nei Baaium.

In 'opfeart' is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.

Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.

De namme Baaiumer Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Baaiumer Opvaart.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.