From Wikipedia, the free encyclopedia
Augusta de Wit (Sibolga, 25 novimber 1864 - Baarn, 9 febrewaris 1939) wie in Nederlânsk romanskriuwster, waans ferneamdste wurk de novelle Orpheus in de dessa wie (1903).
De Wit waard berne op Sumatra, dêr't heit Jan Carel de Wit residint wie. Sy brocht har iere jonkheid troch yn Ynje. Yn Utert die hja de HBS en studearre dêrnei Ingelsk yn Londen en Cambridge. Yn 1894 gie hja werom nei Ynje en waard learares oan in HBS yn Batavia. Dat wurk en it wenjen yn Batavia namen in protte fan har sûnens. Nei twa jierren foar de klasse, gie hja 1896 oan it wurk foar de Ingelsktalige krante Singapore Straits Times. De artikelen dy't hja foar dy krante skreau waarden bondele as Facts and fancies about Java (1898). It wie har debút yn it Ingelsk.
De Wit har wurk wurdt rekkene ta de literêre streaming fan de etisy. Benammen yn har iere wurk is de ynfloed fan de Tachtigers goed te fernimmen. Yn Gods goochelaartjes (1932) sei hja dat har wurk "schoone schijn die de omhullende openbaring is van schooner werkelijkheid" is. Har natuerbeskriuwings binne bot priizge.
De Wit stoar yn de âldens fan 75 jier. Sy waard beïerdige yn Oosterbeek.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.