From Wikipedia, the free encyclopedia
Arbroath of Aberbrothock (Skotsk: Obair Bhrothaig, dat is 'oan de mûning fan Brothock') is de grutste stêd yn it Skotske riedsgebiet Angus.
Arbroath Obair Bhrothaig | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Dielsteat | Skotlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 22.150 (2006) | |
Oar | ||
Stifting | 1178 |
Yn 1178 waard dêr fanwege kening Willem I fan Skotlân in kleaster set, de Abdij Arbroath. Dêrtroch groeide de politike en ekonomyske betsjutting fan de stêd.
De stêd is ek bekend fan de Ferklearring fan Arbroath, in brief fan 6 april 1320, dêr't de eallju fan Skotlân yn freegje oan Paus Johannes XXII om ta te jaan dat Skotlân in autonome steat wie.
Ein 18e iuw waard de tekstylyndustry fan grut belang foar Arbroath. Yn de 19e iuw waard de stêd ek wichtiger as haven foar de fiskerij.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arbroath fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.