From Wikipedia, the free encyclopedia
It alpineskyen ûnderskiedt him fan it skyen op de Noardske manier trochdat by it alpineskyen de hiele foet fêstklamme is oan 'e sky. By Noardsk skyen is allinne de foarfoet oan 'e sky befêstige en binne de hakken frij. It alpineskyen is tsjintwurdich net mear foarbeholden oan de Alpenlânnen. It wurdt oer de hiele wrâld beoefene, sels yn 'e Noardske lannen. Dat is foaral te tankjen oan 'e ûntwikkeling fan skyliften, dêr't it makliker mei waard om op 'e hegere bergen te kommen om der dan yn "alpine" styl by del te glydzjen.
Binnen it alpineskyen binne fiif dissiplines te ûnderskieden:
In skypiste, as piste, is in preparearre en markearde sône yn in skygebiet dêr't hja feilich alpineskye kinne. Der binne ferskate soarten pistes. De swierrichheid fan de piste wurdt oanjûn mei kleuren. De swierrichheid is ôfhinklik fan de breedte en de skeantegraad fan de piste.
In sky is in lange latte om oer snie as oare oerflaktes te gean. Sky's komme oarspronklik út Skandinaavje. It wurd sky is komt fan it âld-Noarske Skiða, dat 'rjochte planke' betsjut. It type sky dat it bêste by immen past is ofhinklik fan nivo, gewicht, lichemslingte en dissipline.
Moderne sky's besteane út in kearn, it belach as soal (it rinflak, fan de sky) stielkanten en de toplaag. De kearn is fan in keunststof folling of fan in houtmingsel makke of in kombinaasje fan beide. It rinflak fan sky's is it belach, as soal. Dy moat oan in oantal easken foldwaan. It moat elastysk (in sky bûgt by it brûken), slytfêst wêze en goede gliedeigenskippen hawwe. De stielkanten sitte faak fêstlime en fêstparst tusken de soal en de kearn fan de sky. Stielkanten soargje foar de grip fan in sky op hurde snie. De manier fan slypjen fan de stielkanten soarget foar meer of minder grip op de snie. Tot slot makket in toplaag de sky folslein ôf.
De skystokken soargje foar mear balâns by it skyen, jouwe steun as jo driigje te fallen en binne in helpmiddel yn de bochten. Skystokken wurde makke fan ferskate materialen, aluminium is hjoed de dei standert. Dêrnjonken bestean der karbon- en titaniumstokken.
Skyskuon binne in like wichtich ûnderdiel fan de útrissing as de sky's. De skyskoech is de ferbinning tusken de skyer en de sky's. De skyskuon bringe de energy fan de skyer oer op de sky. By de ferskeidene type's sky's foar de ferskeidene dissiplines hearre aparte type's skuon. Hokker skoech it bêste is hinget fan de sky's en de dissipline ôf.
In skyskoech is opboud út ferskillende parten. De hurde plestik bûtenkânt wurdt ek wol de bûtenskaal neamd. It part fan de skoech dat om it kût sit, wurdt de skacht neamd. Yn de hurde bûtenskaal sit in binnenskoech dy't makke is fan sêft materiaal, ôfwiksele mei hurdere parten om de skonk te beskermjen. De skyskuon wurde sletten mei schnallen, dy't efter in rige ‘toskjes' fêstheakke wurde. Boppe oan de skacht fan de skoech sit in klittebân strap. Dy bân is bedoeld om it kût ekstra stevigens te jaan.
In skyhelm is ûntwurpen om meardere falpartijen oan te kinnen, Nei in swiere fal is it tûk om in nije helm te keapjen. Ek al is der gjin skea sichtber is oan de helm. In helm moat goed passe, dat ek in bytsje strak sitte, mar wol komfortabel. Ek moat de helm goed fêstmakke wurde sadat er net los komme kin by in fal.
In Skybril beskermet de eachen tsjin de wyn en it ljocht.
Skyklean as wintersportklean hat ferskate funksjes. De klean moatte je waarm en drûch halde yn winterske omstannichheden. Tagelyk moat de klean ek genôch bewegingsfrijheid biede om noflik skye te kinnen. Dêrnjonken moatte de klean azemje sadat switfocht troch de stof ôffierd wurde kin wylst de stof wol wetterticht wêze moat.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.