Alois Alzheimer
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Alois Alzheimer (Marktbreit, 14 juny 1864 — Breslau, 19 desimber 1915) wie in Dútsk neuropatolooch en psychiater.
Alzheimer hat foar it earst presenile demintens beskreaun, letter de sykte fan Alzheimer neamd troch de psychiater Emil Kreapelin, mar hy die ek mikroskopysk ûndersyk nei oare syktes fan it senuwstelsel. Hy beskreau ûnder oaren feroarings yn it brein by arterioskleroaze en it ferlies fan senuwsellen by de sykte fan Huntington. Alzheimer ûndersocht fierder feroarings yn it brein by epilepsy. Hy fûn in wiidweidich ferlies fan senuwsellen yn de hippokampus, de saneamde Ammonshoarnskleroaze, by in grut tal pasjinten mei epilepsy. Al yn 1907 suggerearre er yn in lêzing dat it ferlies fan senuwsellen de sykte net feroarsake, dy't hy "de setten" neamde, mar troch de oanfallen feroarsake waard. Letter ûndersyk hat dat befêstige.
Alzheimer die syn ûndersyk faak yn gearwurking mei syn freon, de neurolooch Franz Nissle. Sy wurken yn itselde ferpleechhûs yn Frankfurt am Main - de Städtische Irrenanstalt.
Alzheimer wie de meistifter en meipublisearder fan it medysk tydskrift Zeitschrift für die gesamte Neurologie und Psychiatrie, mar hat sels nea in boek skrean.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alois Alzheimer fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.