Alliearde Kontrôleried
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Alliearde Kontrôleried (Dútsk:Alliierter Kontrollrat) of ek wol de Fjouwer Machten (Dútsk: Vier Mächte) wie it bestjoersorgaan fan de militêre besettingssônes fan Dútslân. De leden wiene de Sowjet Uny, de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en letter waard Frankryk tafoege, dy't lykwols gjin plichten hie. De ried hie sitting yn Berlyn-Schöneberg.
De ried waard foarme op 30 augustus 1945 en de oarspronklike leden wiene maarskalk Georgi Zjûkov foar de Sowjet Uny, generaal Dwight D. Eisenhower foar de Feriene Steaten, fjildmaarskalk Bernard Montgomery foar it Feriene Keninkryk en generaal Jean de Lattre de Tassigny foar Frankryk.
Lykwols ûntstie der spul tusken de Sowjet Uny en de westlike machten, om't hja it net iens wiene oer in tal punten útlein yn de Konferinsje fan Potsdam, stie de betsjutting fan de ried faai. De Amerikaanske en Britske besettingssônes wurken hieltyd meiïoar op en foarmen op 1 jannewaris 1947 de saneamde Bisône. Dêrnei wie der praat dat de westlike machten yn de westlike sônes de âlde ryksmark ferfange woene mei in nije munt, de lettere D-Mark. Dat wie neffens de Sowjet Uny tsjin de ôfspraken yn en dus stapten de Sowjets op 20 maart 1948 út de ried. De ried koe allinnich syn wurk dwaan as alle fjouwer machten sitting hiene, dat dêrmeirmei hold de taak fan de ried wynliken op. Doe't de westlike machten de D-mark en de westlike besettingssônes fan Berlyn ynfiere woene, stelde de Sowjet Uny de Blokkade fan Berlyn yn. De westlike machten organisearren in loftbrêge en foarsjoch de stêd fan guod. Nei 8 moanne waard de blokkade opheft. Yn 1949 waarden earst de Bûnsrepublyk en dêrnei de DDR oprjochte. De ried bleau formeel noch oant 1991 bestean en waard doe offisjeel opheft.
De ried hie syn sit yn it Kammergericht, wat earder it Prusyske heechgerjochtshôf wie.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.