Allen & Unwin
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Allen & Unwin is in Australyske útjouwerij, dy't yn 1990 fuortkommen is út 'e oarspronklike, Britske útjouwerij George Allen & Unwin, bekend as de útjouwer fan 'e wurken fan J.R.R. Tolkien.
Allen & Unwin | ||
algemien | ||
hist. namme | George Allen & Unwin Australia | |
nasjonaliteit | Australysk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Crows Nest (Nij-Súd-Wales) | |
oprjochte | 1976 | |
fuortk. út | George Allen & Unwin | |
offisjele webside | ||
www.allenandunwin.com |
De Australyske ôfdieling fan 'e Britske útjouwerij George Allen & Unwin waard yn 1976 oprjochte, ûnder de namme fan George Allen & Unwin Australia Ltd. Doe't de memme-ûndernimming yn 1990 oernommen waard troch HarperCollins Publishers, koe de Australyske difyzje himsels útkeapje, en waard it in selsstannige útjouwerij ûnder de ferienfâldige namme Allen & Unwin.
Sûnt hat it bedriuw him ûntjûn ta ien fan 'e súksesfolste ûnôfhinklike útjouwerijen fan Austraalje, en bringt it jiers oant 250 nije titels út. Dêrby giet it sawol om literêre en kommersjele fiksje as om non-fiksje, lykas biografyen, autobiografyen, skiednis, misdie, polityk en reisferhalen, mei dêropta ek berneboeken.
It haadkantoar fan Allen & Unwin is fêstige yn Crows Nest, by Sydney, mar it bedriuw hat ek kantoaren yn Melbourne, Auckland (yn Nij-Seelân) en Londen (yn Ingelân). Fierders fertsjintwurdiget Allen & Unwin ferskate ûnôfhinklike Britske útjouwerijen op 'e Australyske en Nijseelânske merk, wêrûnder Bloomsbury Publishing, Faber & Faber, Profile Books, Serpent's Tail, Atlantic Books en Canongate Books. Troch dy oerienkomst waard bgl. de distribúsje fan 'e Harry Potter-rige fan Bloomsbury yn Australaazje dien troch Allen & Unwin.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.