Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In alkalymetaal is in elemint út de earste groep fan it periodyk systeem, dêr't litium, natrium, kalium, rubidium, sesium en fransium ta hearre. Wetterstof wurdt lykwols net ta de alkalymetalen rekkene, om't wetterstof mar ien elektron befettet en net de gemyske eigenskippen fan in alkalymetaal hat. Fan Fransium, dat in sterk radio-aktyf elemint mei in healtrochtiid fan 21,8 minuten foar de langst libjende isotoop is, is te min bekend om te bepalen oft it wol of net as in alkalymetaal gedraacht.
It wurd alkalymetaal komt fan it Arabyske wurd al kalja, dat potjiske betsjut. Potjiske is de âlde namme foar kaliumkarbonaat, dat wûn wurdt út houtjiske. Sir Humphry Davy rette yn 1807 foar it earst it elemint kalium ta, dat er troch elektrolyze fan raande kaliumhydrokside út potjiske krige. It Ingelske wurd foar kalium, potassium (fan pot ash), ferwiist dêrnei.
Alkalymetalen hawwe in elektroanekonfiguraasje fan [X]ns1, dêr't X in edelgas is. Hja hawwe yn de bûtenste skyl mar ien elektron yn de s-orbitaal. Dêrom hawwe alkalymetalen in frij lege ioanisaasje-enerzjy, sa't se maklik ienweardige positive ioanen foarmje kinne om yn de edelgaskonfiguraasje te kommen. Hja foarmje ek maklik sâlten mei halogenen, sa as bygelyks keukensâlt. (NaCl). It binne tige goede reduktors en reagearje maklik mei elektronegative eleminten lykas soerstof en joadium.
De eleminten litium, natrium, kalium en rubidium binne sêfte sulverwite metalen mei in typyske metaalglâns. Dy eleminten reagearje maklik mei soerstof en oksidearje dus fluch.
Hjirûnder steane de eleminten, dêr'tljocht pears alle alkalymetalen binne:
1 H |
3 Li |
11 Na |
19 K |
37 Rb |
55 Cs |
87 Fr |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alkalymetalen fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.