From Wikipedia, the free encyclopedia
De algebra is en part fan wiskunde dêr't letters (a, b, c,..) of oare symboalen brûkt wurde om ûnbekende oantallen te oan te jaan.
Yn algebra wurdt optellen, ôflûken, fermannichfâldigjen en dieling brûkt om oantallen (wearden) yn in probleem (fergeliking) fan wiskunde te finen as't se ûnbekend binne.
Mei oare wurden:
Dizze hjit "de elemintêre algebra" of de basisalgebra. Der binne ek de:
De algebra kin brûkt wurde om echte problemen op te lossen omt wat de regels fan algebra ek yn it echte libben jilde en getallen brûkt wurde kinne om de wearden fan echte dingen te fertsjintwurdigjen.
It optellen fan z by y (of y en z) wurdt skreaun as y + z.
It ôflûken fan z fan y (of y minus z) wurdt skreaun as y - z.
It fermannichfâldigjen fan y en z (of y kear z) kin op 4 manieren skreaun wurde: y × z, y*z, y(z), of yz. yz is de meast brûkte foarm om it produkt fan y en z te skriuwen yn algebra.
It dielen fan y troch z wurdt skreaun as y */* z of y/z. y/z is de meast brûkte foarm.
It wurd "algebra" is in Latynske foarm fan it Arabyske wurd الجبر, al-jabr ("it wer gearbringen fan brutsen dielen") en komt fan it boek fan wiskunde Al-Maqala fi Hisab-al Jabr wa-al-Muqabilah ("Essay op de Berekkening fan Oerdracht en Fergeliking") skreaun yn 'e 9e iuw troch de ferneamde Perzyske wiskundige Mohammed ibn Moesa Kwarizmy, dy't berne wie yn Kharazm yn Iran. It boek waard yn de 12e iuw nei Europa brocht en oerset yn it Latyn. It boek krige doe de namme "Algebra".
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.