From Wikipedia, the free encyclopedia
Albert Bonnema (Tsjummearum, 1956) is in Fryske tenoar út Haarlim. Hy sjongt yn opera's, ek yn it Frysk. Mei Rients Gratama sjongt hy Wat is leafde.
HY studearre oan it Sweelink Konservatorium yn Amsterdam by Cora Canne Meijer en dêrnei by de ferneamde tenoar Nicolai Gedda. Neidat er jierren haadrollen song hie yn klassike operettes wie er fiif seizoenen fêst ferbûn oan it Stadtheater Bern dêr't er in grut ferskaat oan rippertwaar opboude. Yn 1995 song hy as Walter von Stolzing yn Die Meistersänger von Nürnberg (fan Richard Wagner) op it Holland Festival en krige dêrtroch ynternasjonale erkenning.
Trede op yn de Deutsche Oper en de Oper Berlin, yn Dresden, Hamburg, München, Essen en in soad oare Jeropeeske operahuzen. Hy song ek by de Salzburger Festspiele, de Dresdner Festspiele, it Tivoli Festival Kopenhagen, it Festival du Radio France à Montpellier, it Eugene Oregon Festival en it Holland Festival.
Wurke ûnder operaregisseurs as Harry Kupfer, Peter Konwitsjny, Willy Decker, Gunter Kramer, Christopher Loy en Johannes Schaaf. Rollen dy't hy song wiene Lohengrin, Walter von Stolzing, Don Jose yn Carmen, Dimitry yn Boris Godûnov, Stewa yn Jenufa, Boris yn Ka´ta Kabanova en in soad oaren.
As gast is de tenoar ferbûn oan de Opera fan Keulen, dêr't hy ûnder oaren 'Siegfried' song. By konserten treedt hy geregeldwei op mei de Britske pianist Andrew Wise.
Krige in Gouden Fioeltsje yn 2008.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.