From Wikipedia, the free encyclopedia
De Airbus A380 is in passazjiersfleantúch fan it Jeropeeske concern Airbus. It fleantúch hat twa ferdjippings oer de hiele lingte fan de romp en hat plak foar heechstens 853 passazjiers. Trochsneed kinne der 555 persoanen yn. De A380 is it grutste passazjiersfleantúch fan de wrâld; allinne it frachtfleantúch Antonov An-225 is grutter.
Airbus A380 | |
---|---|
Rol | Passazjiersfleantúch |
Makker | Airbus Groep (earder EADS) |
Earste flecht | 27 april 2005 |
Yn tsjinst | 25 oktober 2007 by Singapore Airlines |
Ut tsjinst | n.f.t. |
Tal makke | 254 (2003–2021) |
Grutste brûkers | Emiraten, Singapore Airlines, Lufthansa, Qantas |
Priis it stik | $ 428 miljoen (2015) |
De earste testflecht wie op 27 april 2005. Op 25 oktober 2007, makke de A380 syn earste kommersjële flecht. Yn tsjinst fan Singapore Airlines fleach de A380 doe fan Singapore nei Sydney. Dit wie ek de earste rûte dêr't mei in A380 in linetsjinst ûnderholden waard. Yn desimber 2014 hiene tolve loftfeartmaatskippijen meiïnoar 152 tastellen yn tsjinst.
Op 8 juny 2010 lâne der foar it earst in A380 op Brussels Airport (Zaventem).[1] In moanne letter, op 15 july, wie Lofthaven Skiphol oan bar.[2] By dy gelegenheid waard de technyske test fan it tastel ôfhannele.
Om út de kosten te kommen hie Airbus 420 tastellen ferkeapje moatten. Febrewaris 2019 makke Airbus buorkundich dat de ferkeap sa tsjinfalt dat de produksje yn 2021 staakt wurde sil [4]
Loftfeartmaatskippij/klant | Yn tsjinst | Besteld | Opsjes | Levere | Motors |
---|---|---|---|---|---|
Air Austral | 2014 | 2 | Engine Alliance GP7000 | ||
Air France | 2009 | 12 | 2 | 10 | Engine Alliance GP7000 |
Amedeo | 2016 | 20 | |||
Asiana Airlines | 2014 | 6 | 2 | Rolls-Royce Trent 900 | |
British Airways | 2013 | 12 | 7 | 9 | Rolls-Royce Trent 900 |
China Southern Airlines | 2011 | 5 | 5 | Rolls-Royce Trent 900 | |
Emirates | 2008 | 140 | 60 | Engine Alliance GP7000 | |
Etihad Airways | 2014 | 10 | 5 | 2 | Engine Alliance GP7000 |
Korean Air | 2011 | 10 | 10 | Engine Alliance GP7000 | |
Lufthansa | 2010 | 14 | 14 | Rolls-Royce Trent 900 | |
Malaysia Airlines | 2012 | 6 | 6 | Rolls-Royce Trent 900 | |
Qantas | 2008 | 20 | 4 | 12 | Rolls-Royce Trent 900 |
Qatar Airways | 2014 | 10 | 3 | 4 | Engine Alliance GP7000 |
Singapore Airlines | 2007 | 24 | 1 | 19 | Rolls-Royce Trent 900 |
Thai Airways International | 2012 | 6 | 6 | Rolls-Royce Trent 900 | |
Transaero Airlines | 2015 | 4 | Engine Alliance GP7000 | ||
Virgin Atlantic | 2018 | 6 | 6 | Rolls-Royce Trent 900 | |
Oerheids-, saaklik of privégebrûk | 1 | ||||
Anonime klant(en) | 10 | ||||
Totaal | 317 | 28 | 159 | Op 30 april 2015 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Airbus A380 fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.