From Wikipedia, the free encyclopedia
Adriaan fan Cronenburgh, ek Cro(o)nenburg en Cro(o)nenburch stavere, (Skagen om 1525 - Burgum, nei 1604) wie in skilder fan meast portretten.
Hy komt út in laach út Noard-Hollân dat fermoedlik in basterttûke is fan de hearen fan Cronenburgh dy't sels fan in bastert fan Willem III fan Hollân stamje. Adriaan fêstiget him begjin 16e iuw yn Fryslân. Hy wurke yn Fryslân en Grinslân, mar hold ek in skoft ta yn Belgje, benammen yn Leuven[1] en Antwerpen, dêr't er it portret makke fan Katheryn of Berain, in aadlike frou út Wales mei in protte ynfloed.
Yn 1567 wurdt Adriaan fan Cronenburgh sekretaris fan Tytsjerksteradiel. Syn sinjatuer bestiet út in kryptogram: (Aaaa=A drie aen). Wurk fan him hinget yn it Frysk Museum en yn it Prado fan Madrid.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Adriaan fan Cronenburgh fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.