Aakingea
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Aakingea (Stellingwerfsk: Aekinge; Nederlânsk: Aekinga) is in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf. Aakinga leit eastlik fan Appelskea, oan 'e râne fan 'e bosken om 'e Keale Dunen. De namme komt ek foar as Aeckinghe, Aeckinga en Aackinge. De buorskip is út in pleats wei ûntstien is. De earste helte fan de namme komt fan de famyljenamme Ake.
Yn de buorskip stie lang in jongesynternaat, it ynternaat Aekinga dat ein 1947 iepene waard. It wie in fakynternaat. De lêste learlingen giene yn 2002 fan skoalle neidat yn 2000 definityf besleetten wie om it kompleks te sluten as ynternaat. It ynternaat bestie út meardere gebouwen, dy't troch de tiid hinne byboud en ferboud wiene. It kompleks stiet tusken de camping en in fakânsjepark yn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.