In aak is in grut en meastentiids stjûneleas fartúch foar binnenwetters of grutte rivieren. Yn Fryslân wurdt der ek in lytse roei- of sylboat, bestimd foar de fiskerij mei bedoeld.
In aak hat in platte boaiem dy't foar en efter omheech bûgd is en dan mar in bytsje smeller wurdt mei hoekige kimen en boech. Nei de oergong fan hout- nei izerbou waarden de kimen rûner en de boegen foller. In moderne útfiering mei eigen motor is de rynaak.
De elemintêre foarmen fan de aak binne noch werom te finen yn de triuwbakken dy't op de rivieren en kanalen brûkt wurde en noch faak brûkte dekskûten fan de oannimmers fan wetterwurken.
Remove ads
De aak is ûntstien as in sleept rivierskip, lykas de hulk. It skip wie ornearre foar ferfier fan grutte frachten, fan wat no bulkferfier hjit. Troch de lange smelle foarm en it brede roer koe it mei de stream mei ôfsakje en stream op werts sleept wurde. Dêrom wie op it foarskip in koarte stevige mêst setten om de sleepkabel oan fêst te meitsjen. It is yn de 16e en 17e iuw in soad brûkt en waard in protte boud yn Dútsktalich gebiet. Dêr waarden se keen neamd.
De aak as fiskersskip fan de Sudersee en it Waad komt foar it earst foar yn 1798, mar binne gjin aken yn dizze betsjutting. Se hawwe ek net boppesteande kenmerken, mar binne in mingfoarm fan de skokker en de rûnboude Fryske skipkes as de boeier.
Remove ads
Der binne in hiel soad soarten aken boud. Ek mei uterlike kenmerken dy't oan in oar skip tinken diene, of foar in spesifyk doel brûkt waarden, wat dan oan de namme te sjen wie.
De namme waard ek faak brûkt foar skippen dy't gjin aak wienen yn de letterlike betsjutting, dat hinge faak ôf fan de tiid en de streek.
Balant in út de Elzas kommend kanaalskip, lytser as de Herna en de Spitsbek (mingole).
Baquet: Lytser as de Balant, yn gebrûk op it kanaal fan Charleroi foar it ferfier fan koalen.
Beitelaak: Ek 'beytel' neamd, rivier en kanaalskip fan de Belgyske en Noard-Frânske streek.
Boeieraak: Fiskersskip fan de Siuwske wetters mar wat rûner fan bou as de dêr gongbere skippen as de heechaars en de hynst.
Dortenske-aak: In yn de omkriten fan Dordrecht boude aak mei as ekstra kenmerk de floeiende linen.
Hasselteraak: In iselaak fan wat lytsere ôfmjitting boud yn de streek fan Swol en Hasselt.
Herna: Hast allinnich yn Belgje yn izer boud kanaalskip lang en hoekich fan bou. Untwikkele út de Walenmajol, waard selden syld, mar jage.
Iselaak: In rûnboude aak yn gebrûk yn it streamgebiet fan de rivier de Isel.
Klipperaak: Rivier frachtskip mei in klipper stjûne en in aak middenskip (platte boaiem) en in tsjalk (rûn) efterskip. Yn de folksmûle in klipper mei hynstekont neamd.
Lemsteraak: In as jacht útfierde ielaak, wurdt noch altyd as rekreaasjefartúch boud. It is ± 1880 ûntstien út de Fryske ielaak dy't folle âlder is. It skip fan keninginne Beatrix, de Groene Draeck is in lemsteraak.
Minole: of spitsbek wie in lytse Herna.
Ielaak: fiskersskip ûntwikkele yn Fryslân, de lytsere waarden op de marren brûkt foar de ielfangst en waarden gewoan skûte neamd. De gruttere waarden brûkt foar de fiskerij yn it waadgebiet. De grutste útfiering hjirfan waard brûkt om libbene iel út Nederlân en Denemark nei Londen te bringen, benammen út Heech wei. Dat wurdt al melden op de "Ïnformacie upt stuck der verpondinghe" út 1514. In hie in foar dy tiid tige modern útfierd bezaantúch.
Samoreus: ek Keulenaar, in grutte yn de streek fan Keulen boude rynaak hat de ûntwikkeling nei de motorisearre feart trochrûn.
Sânaak: Skip of skipke dat op de ûnderrin fan de grutte Nederlânske rivieren brûkt waard by baggelwurk en grintwinning. Foar dit doel waarden âldere skippen oankocht út it hiele lân fan alle types en maten, mar waarden troch de nije brûkers dan steefêst sânaak neamd.
Skoeneraak: In aak mei in skoenertúch. Allinnich de grutte (20 meter) aken hienen genôch stabiliteit om mei dit túch te farren. Se koenen dan in hege deklêst farre, mei heech opgeiseil en gaffel topseilen. De skoeneraak waard oant de ynfiering fan de spesjaal foar de motoroandriuwing boude skippen brûkt as frachtskip op de grutte rivieren fan Nederlân.
Stjûnaak: Aak mei los oansette stjûne (net op stjûne boud).
Westlanner: In yn it Westlân in soad boud skipke foar it ferfier fan túnbouprodukten. De earste westlanners wienen gruttere (houten) skippen fan it type Pream. De lettere lytsere izeren westlanners binne in mingfoarm fan de Aak (dêr flet neamd) de pream en de skou. Se waarden boomd, krigen letter in bûtenboardmotor. Troch harren ienfâld en solide útfiering binne se tige yn trek as skipke.
Wieringeraak: In grut (mear as 10 meter) fiskersskip brûkt troch de fiskers fan it eardere eilân Wieringen. It wie koarter mar breder as de lemsteraak en hie in platte boaiem, om drûchfalle te kinnen.