From Wikipedia, the free encyclopedia
A. Leslie Scott (folút: Alexander Leslie Scott; Lewisburg (West-Firginia), 15 jannewaris 1893 – 1974) wie in Amerikaansk skriuwer fan westerns. Hoewol't er leard hie foar yngenieur, lei er him al rillegau ta op it skriuwen fan koarte ferhalen en romans, wêrby't er in grut oeuvre opboude. Foar syn wurk griep Scott gauris werom op syn eigen ûnderfinings yn it Amerikaanske Westen. Hy wie de geastlike heit fan 'e personaazjes Jim Hatfield en Walt Slade, dy't tige populêr waarden. Syn boeken ferskynden almeast ûnder de pseudonimen Bradford Scott en Jackson Cole.
A. Leslie Scott | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Bradford Scott, Jackson Cole | |
echte namme | Alexander Leslie Scott | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 15 jannewaris 1893 | |
berteplak | Lewisburg (West-Firginia) | |
stoarn | 1974 | |
stjerplak | ? (Feriene Steaten) | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | westerns | |
bekendste wurk(en) | Walt Slade-rige Jim Hatfield-rige | |
útjouwer | Pyramid Books | |
jierren aktyf | 1939 – 1974 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Scott waard yn 1893 berne yn Lewisburg, yn 'e steat West-Firginia, en wie fan Skotsk komôf. Hy studearre mynbou en boukunde, en wie neitiid yn it Wylde Westen (dat doe al lang sa wyld net mear wie as dat it wol west hie) wurksum as yngenieur. In protte fan syn fertellings hawwe sadwaande as ûnderwerp (of neame sydlings) de eksploitaasje fan grûnstofen, lykas goud en ierdoalje.
Omtrint 1914 joech Scott him in hoart by de Meksikaanske rebellelieder Pancho Villa, en it wie yn dy tiid dat er him it omgean mei fjoerwapens eigen makke. Letter sleat er him oan by it Frânske Frjemdlingelegioen, en as lezjonêr focht er mei yn 'e Earste Wrâldoarloch. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, yn 1919, wied er opklommen ta de rang fan kaptein. Tusken 1920 en 1930 wie Scott wer as yngenieur wurksum, wylst er yn syn frije tiid úteinsette mei skriuwen, earst fan gedichten, mar letter fan romans. Omtrint 1930 joech er syn baan deroan, ferfear nei New York, en makke fan it skriuwerskip syn berop.
Yn 1936 skoep Scott it personaazje Jim Hatfield, in Texas Ranger dy't it tsjin alderhanne kriminelen en oar rapalje opnaam. (Hatfield wie de famkesnamme fan Scott syn mem.) Nei sân koarte ferhalen ferskynde yn 1937 de earste roman út 'e Jim Hatfield-rige, mei as titel Terror Stalks the Border. By it betinken fan 'e plots griep Scott faak werom op syn eigen ûnderfinings. Syn 55 koarte ferhalen en romans oer Hatfield ferskynden ûnder it kollektive pseudonym Jackson Cole, dat ek troch oare skriuwers fan 'e útjouwerij Standard Magazines brûkt waard. Ein jierren fjirtich resultearre in skeel mei de útjouwer deryn dat Scott de rjochten op it personaazje fan Jim Hatfield ferlear.
Sadwaande skoep Scott in nij personaazje, Walt Slade, dat krektlyk in Texas Ranger wie. (Feitliks wie der behalven de namme net folle ferskil tusken Hatfield en Slade.) Nei't er oer syn nije held in rige ferhalen skreaun hie, kaam yn 1956 by útjouwerij Pyramid Books de earste roman yn 'e Walt Slade-rige út, The Avenger. Neitiid soene teminsten noch 79 oare romans folgje. Scott wie in flugge skriuwer, dy't soms wol njoggen ûnderskate romans yn in jier publisearre. Yn totaal soed er yn syn libben likernôch 250 ferskillende romans skriuwe. Hy ferstoar yn 1974. Syn soan Justin Scott is ek skriuwer.
(in ûnfolsleine opsomming; wol binne alle Nederlânske oersettings opnommen dy't de Keninklike Bibleteek yn De Haach yn syn katalogus hat)
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.