Swarte Swan (roman)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Swarte Swan, yn it oarspronklike Nederlânsk: Zwarte Zwaan, is in jeugdroman fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwer Gideon Samson. De plot fan it boek draait om Rifka, in alderaaklikst famke yn 'e heechste groep fan 'e basisskoalle, dy't it "laitsjen liket" om har eigen begraffenis yn sêne te setten, sadat se mei eigen eagen sjen kin hoe'n fertriet it roufolk om har ferstjerren hawwe sil. Zwarte Zwaan is in tsjustere fertelling oer de konsekwinsjes fan dat plan, dy't 2012 foar it earst publisearre waard by Uitgeverij Leopold yn Amsterdam. Yn 2013 wûn Samson mei dizze roman de Sulveren Griffel foar bêste Nederlânske berneboek, en teffens waard it boek keazen as in White Raven troch de Internationale Jugendbibliothek. Ek krige Zwarte Zwaan in earfolle fermelding op 'e Gouden List foar it bêste jeugdboek foar 12- oant 15-jierrigen. It boek kaam yn it Deensk út as Sorte Svane (2014) en yn it Dútsk as Doppeltot (2015). De Fryske oersetting, fan Geart Tigchelaar, ferskynde yn 2018.
Swarte Swan | ||
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Hispel. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Zwarte Zwaan | |
auteur | Gideon Samson | |
taal | Nederlânsk | |
foarm | roman | |
sjenre | jeugdliteratuer | |
1e publikaasje | 2012, Amsterdam | |
oarspr. útjwr. | Uitgeverij Leopold | |
prizen | Sulveren Griffel 2013 | |
kodearring | ||
ISBN | 978 9 02 58 61 308 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Swarte Swan | |
publikaasje | 2018, Loenen oan de Fecht | |
útjouwer | Utjouwerij Hispel | |
oersetter | Geart Tigchelaar | |
ISBN oers. | 978-9 07 45 16 273 |