Zaragoza
From Wikipedia, the free encyclopedia
Zaragoza (Spaansk Zaragoza) is de op fjouwer nei grutste stêd fan Spanje. It is de haadstêd fan de provinsje mei de selde namme Zaragoza en fan de selsstannige regio Arragon. De stêd leit op 199 meter hichte, oan de rivier Ebro, yn in fallei mei in ferskaat lânskip mei bergen, bosken en woastinen. Yn de stêd wenje sa'n 660.895 minsken en yn de stêdekloft dêrom hinne nochris a'n 833.455 minsken. Dat komt del op mear as de helte fan de hiele befolking fan de regio. Zaragoza is fierders in wichtige yndustrystêd en hannelssintrum, ûnder mear troch har geunstige lizzing, sintraal tusken Barselona, Madrid, Bilbao, Valencia en it Frânske Toulouse.
- Dizze side giet oer de Spaanske stêd Zaragoza. Foar oare betsjuttings, sjoch: Zaragoza (betsjuttingsside).