![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/bf/Kaufhaus_Schocken_in_Chemnitz.jpg/640px-Kaufhaus_Schocken_in_Chemnitz.jpg&w=640&q=50)
Ynternasjonale Styl
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mei Ynternasjonale Styl wurdt in streaming yn de arsjitektuer (en de binnenhûsarsjitektuer) oantsjut yn de perioade fan sa'n 1930 oant sirka 1970.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/bf/Kaufhaus_Schocken_in_Chemnitz.jpg/640px-Kaufhaus_Schocken_in_Chemnitz.jpg)
E. Mendelsohn, (foarbyld nr. 45 út The International Style)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/53/860-880_Lake_Shore_Drive.jpg/640px-860-880_Lake_Shore_Drive.jpg)
860-880 Lake Shore Drive; Chicago
Mies van der Rohe
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/0/03/SAS_Royal_Hotel%2C_Copenhagen%2C_1955-1960.jpg/640px-SAS_Royal_Hotel%2C_Copenhagen%2C_1955-1960.jpg)
De styl is ûntstien út it nije Nije Bouwen. Dy styl lei hieltyd de klam op dingen as funksjonaliteit, strakke foarmen, gjin fersieringen, en moderne konstruksjetechniken. Dizze line is yn de Ynternasjonale Styl fuortset en fierder ûntwikkele.
Men moat wol betinke dat beide streamings dreech út elkoar te hâlden binne: beide oantsjuttingen wurde (foar in part) trochelkoar brûkt. Fermoedelik kin it Nije Bouwen krek fierder yn de tiid set wurde, foar it grutste part foar 1940, as de Ynternationale Styl, dy't foaral nei de oarloch sa neamd wurdt. It bliuwt in wat arbitrêr ûnderskied.
Bekende arsjitekten dy't mei de Ynternasjonale Styl yn ferbân brocht wurde binne bygelyks Le Corbusier, Ludwig Mies van der Rohe, Oscar Niemeyer, Alvar Aalto en Eero Saarinen. It lettere wurk fan Frank Lloyd Wright kin ek ta dizze skoalle rekkene wurde. Fan de meubelûntwerpers kinne ûnder oaren Marcel Breuer en Mart Stam neamd wurde.
De Ynternasjonale Styl hat it meast namme makke mei grutte objekten sa as kantoargebouwen, musea en soks, mar hat ek ynfloed hân op stedebou, wenningbou en meubelûntwerpen. Grutte stedeboukundige projekten dy't ynfloed fan dizze skoalle ûndergien hawwe, binne ûnder oaren Brasilia en Chandigarh (Yndia). In útwreidingsplan as de Bijlmermeer (Amsterdam) soe sûnder de Ynternasjonale Skoalle wierskynlik net sa opset wêze.