Ynsest' (fan it Latynske incastus, dat "ûnkein" (onkuis) betsjut) is in foarm fan seksuële omgong tusken beskate leden fan deselde famylje. It is in ferskynsel dat op in protte ûnderskate manearen definiëarre wurde kin en yn in soad maatskippijen yndie ek ferskillend definiëarre wurdt.
Definysjes
Yn 'e Westerske sin fan it wurd jout it almeast seksuële omgong oan tusken leden fan 'e earste graad fan besibskip (lykas tusken bruorren en susters en tusken bern en âldelju), en fan guon leden fan 'e twadde graad fan besibskip (lykas tusken pakes en pakesizzers, tusken beppes en beppesizzers, tusken omkes en omkesizzers en tusken muoikes en muoikesizzers). By seks tusken famyljeleden dy't fierder útinoar steane, lykas neven en nichten, wurdt oer it algemien al net mear fan ynsest sprutsen, al wurdt dêr faak noch wol raar tsjinoan sjoen. In rânegefal is omgong tusken styffamyljeleden, lykas in styfbroer en in styfsuster, dy't biologysk sjoen gjin famylje faninoar binne, mar wol as sadanich mei-inoar grutbrocht binne.
Yn net-Westerske maatskippijen kin it begryp ynsest útwreide wêze ta lju dy't ta deselde clan of itselde skaai hearre, of ek komt it wol foar dat famyljerelaasjes dy't yn it Westen as ynsestueus sjoen wurde soene, yn oare beskavings net as sadanich beskôge wurde. Sa wie it yn it Alde Egypte wenst foar de farao's en trou mei harren eigen suster, om't houlikjen mei immen fan bûten it keningsgeslacht it keninklik bloed besmoargje soe. Sokke praktiken wiene trouwens net beheind ta Egypte, mar kamen rûnom foar yn maatskippijen dy't harren keningen as goaden seagen. Foar it gewoane folk wie soks dan trouwens wol wer ferbean.
De opfettings oer wat ynsest is, binne mei it ferrin fan 'e iuwen ek ferskood. Sa fynt de lyknammige haadpersoan út Shakespeare syn toanielstik Hamlet, dat fan omtrint 1600 datearret, dat syn mem ynsest dien hat troch nei syn heite dea mei syn omke (syn heite broer) te trouwen, hoewol't syn mem en omke dus op gjin inkele manear oaninoar besibbe binne. Sterker noch, neffens de Bibel wie sa'n leviraatshoulik, wêrby't men nei de dea fan jins broer mei dy syn frou troude, de plicht fan elts from man. Mar noch yn 'e njoggentjinde iuw waard dit gebrûk ek yn Nederlân as ynsest sjoen.
Strafberstelling
Hoe't it lykwols ek definiëarre waard en wurdt, ynsest foarmet yn frijwol alle maatskippijen, sawol út it ferline as fan hjoed de dei, in slim taboe, wêrfan't de ferbrekkers harsels tige by tige stigmatisearje. As rjochtfeardiging foar it taboe op ynsest wurdt faak it gefaar fan yntylt jûn, dat de bern rinne dy't út in ynsestueuze relaasje berne wurde. De measte moderne lannen hawwe ek wetten oannommen dy't ynsest sekuer omskriuwe en oanjouwe wat legaal is en wat net. Yn it Westen is ynsest wat dat oangiet yn 'e regel inkeld yllegaal wannear't minderjierrige bern twongen wurde om deroan diel te nimmen. Soks is útsoarte gewoan bernemisbrûk en wurdt yn 'e measte lannen ek as sadanich bestraft. De meast foarkommende foarm is yn dizzen âlderlike ynsest (tusken bern en har âldelju), dy't net inkeld lichaamlik, mar fral ek geastlik bysûnder skansearjend wêze kin foar it slachtoffer.
Ynsestueuze relaasjes tusken folwoeksenen binne yn Westerske lannen faak net ferbean; yn Nederlân wie dêr bygelyks inkeld in wetlik ferbod op tusken 1942 en 1945, ûnder it Dútske bestjoer yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Lykwols is it yn Nederlân net mooglik foar in mearderjierrige broer en syn mearderjierrige suster (om mar in foarbyld te jaan) om mei-inoar te trouwen. Yn lannen dêr't ynsest tusken meistimmende folwoeksenen àl by de wet ferbean is, lykas Dútslân, wurdt it ornaris beskôge as in slachtofferleas misdriuw, of it moat wêze dat de noarmen en wearden fan it lân sels as it slachtoffer sjoen wurde.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.