Ynformateur
From Wikipedia, the free encyclopedia
In ynformateur is immen dy't yn it ramt fan de kabinetsformaasje nei de Twadde Keamerferkiezings yn Nederlân fanwege de Kening fan de Nederlannen de mooglikheden ûndersiket foar de foarming fan in kabinet.
De ynformateurs (ofwol ferkenners) komme meastentiids út de politike partijen dy't de kearn fan it fermoedlike kabinet foarmje of fan de partij dy't de grutste wurden is of de measte winst helle hat by de ferkiezings.
Faak binne it relative bûtensteanders, dy't tydlik yn it skynljocht komme te stean. Harren oanstelling wurdt faak as earfol beskôge, mar harren ûnderfining, deskundigens en kar kin al in wichtige rôl spylje yn it hiele trajekt.