![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/8/85/Map_houkesloot.png/640px-Map_houkesloot.png&w=640&q=50)
Yndustryterrein Houkesleat
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yndustryterrein Houkesleat is in yndustryterrein binnen de stêd Snits oan de Rykswei 7.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/8/85/Map_houkesloot.png/640px-Map_houkesloot.png)
It terrein grinzet yn it westen oan de Rykswei 7 en it Boargemaster Rasterhoffpark. Yn it easten grinzet it yndustryterrein oan de Houkesleat en yn it suden oan Yndustryterrein It Ges en yn it noarden leit it Sperkhim. De strjitten yn de wyk binne meast ferneamd nei wittenskippoers en útfiners.
De wichtichste ferkearsier fan it yndustryterrein is de Stedsrûnwei, dy't it terrein fan west nei east trochkrúset. Ek de Tppenhústerwei en de Einsteinstrjitte binne drokke wegen yn de wyk. Op it yndustryterrein leit ek it Houkesleat Akwuadukt.