Yasmine Bleeth
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yasmine Bleeth (folút: Yasmine Amanda Bleeth; New York, 14 juny 1968) is in Amerikaansk rêstend aktrise en model. Hja wie as bern al aktyf as aktrise, û.m. yn reklamespotsjes en de soapsearje Ryan's Hope. Bleeth waard bekend mei de rollen fan LeeAnn Demerest yn 'e soapsearje One Life to Live en fan strânwacht Caroline Holden yn 'e aksjesearje Baywatch. Letter spile se yn tillefyzjesearjes as Nash Bridges en Titans, foar't se har yn 2003 út 'e publike belangstelling weromloek fanwegen in oanhâldende drugsferslaving.
Fluch de feiten
Yasmine Bleeth | ||
akteur | ||
Yasmine Bleeth yn 'e 1990-er jierren yn har rol as Caroline Holden yn Baywatch. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Yasmine Amanda Bleeth | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 juny 1968 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Joadsk | |
jierren aktyf | 1980 – 2003 | |
offisjele webside | ||
Yasmine Bleeth op Twitter |
Slute