Yakima County (Washington)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yakima County is in county yn it suden fan de Amerikaanske steat Washington. Hy is neamd nei de Yakama-Yndianen. Mei in oerflak fan 11.170 km2, wêrfan 39 km2 wetter, is it de twadde county in de steat. Neffens de folkstelling fan 2010 wiene der likernôch 243.231 ynwenners. De haadstêd hat deselde namme, Yakima.
Yakima County (Washington) | ||
Yakima County yn de steat Washington | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 247.000 (2012) | |
Oerflak | 11.168 km² (ynkl. wetter) 11.127 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 21,8 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1865 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
www.yakimacounty.us |
De county grinzet yn it noarden oan Kittitas County, yn it noardeasten, wêr't de rivier de Kolumbia de grins foarmet mei Grant County, yn it easten mei Benton County, yn it suden mei Klickitat County, yn it súdwesten mei Skamania County, yn it westen mei Lewis County en yn it noardwesten mei Pierce County. De county waard stifte op 21 jannewaris 1865 en is foarme út it eardere Ferguson County, dat op syn beurt 23 jannewaris 1863 út Walla Walla County foarme is.