From Wikipedia, the free encyclopedia
Xanten is in stêd yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd heart ta it Kreis Wesel.
Xanten | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Kreis | Wesel |
Sifers | |
Ynwennertal | 21.502 (31.12.2021) |
Oerflak | 72,40 km² |
Befolkingstichtens | 297 ynw./km² |
Hichte | 22 m. boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 51° 39' N 6° 27' E |
Webside | www.xanten.de |
De skiednis fan Xanten giet werom op de Romeinske tiid dat is mear as 2000 jier âld. By it romeinske kamp Castra Vetera waard yn dy tiid in delsetting stifte mei de namme Colonia Ulpia Traiana. It tsjintwurdige Xanten ûntstie in eintsje fierderop, nei't oer it grêf fan de hillige Fiktor fan Xanten in tsjerke boud waard en dêr om hinne de earste bebouwing ferskynde. De namme "Xanten" is in gearlûking fan Ad Sanctos (by de hilligen). Yn 1263 waard úteinset mei de bou fan de domtsjerke fan Xanten. Al yn 1228 krige Xanten stedsrjochten.
Sûnt 1969 bestiet de gemeente út de plakken Beek, Birten, Lüttingen, Marienbaum, Mörmter, Obermörmter, Ursel, Vynen, Wardt, Willich en Xanten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Xanten fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.