Wrâldsûnensorganisaasje
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Wrâldsûnensorganisaasje (Ingelsk: World Health Organization, WHO) is in spesjalisearre organisaasje fan de Feriene Naasjes dy't fêstige is yn de stêd Genève mei as doel wrâldwide aspekten fan de sûnenssoarch yn kaart te bringen, aktiviteiten op it mêd fan de sûnenssoarcch te koördinearjen en de sûnens fan de wrâldbefolking te befoarderjen. De WHO waard op 7 april 1948 oprjochte troch de Feriene Naasjes.
Yn it logo fan de WHO sit in eskulaap ferwurke.
De wrâldsûnensorganisaasje hâldt him ek dwaande mei klassifikaasje fan oandwaningen (ICD-10) en genêsmiddels (ATC-kodearring).