Woiwode
From Wikipedia, the free encyclopedia
In woiwode (Súdslavysk: vojvoda of vojvode; Poalsk: wojewoda; Tsjechysk: vojevoda; Roemeensk: voievod; Hongaarsk: vajda) is in fan oarsprong Slavyske oantsjutting út 'e Iere Midsiuwen foar in militêre kommandant yn Sintraal-Jeropa en op 'e Balkan. Letter ûntwikkele de oantsjutting him yn guon gebieten ta in aadlike titel ekwifalint oan hartoch, en yn oare gebieten ta in militêre rang ekwifalint oan generaal of ta de titel fan in provinsjaal gûverneur. Etymologysk komt de term 'woiwode' út it Aldtsjerkeslavysk, fan voj ("oarlochfieren") en vod ("lieder"), dus "oarlochslieder".