From Wikipedia, the free encyclopedia
Winst is yn in kapitalistysk systeem it positive ferskil tusken opbringst en kosten. As dat ferskil negatyf is, is der sprake fan ferlies. Ornaris wurdt de winst oer in beskate perioade rapportearre, bgl. de jierwinst of de kwartaalwinst. Winst kin sjoen wurde as fergoeding foar it gebrûk fan kapitaal, as opbringst fan goed management of as risikopreemje.
De fergoeding foar it gebrûk fan kapitaal en de opbringst fan goed management bedraacht oer it algemien mar inkele prosinten fan it kapitaal. By in grut finansjeel risiko (lykas in ynvestearring yn in ûnwis projekt) kin de fergoeding dêrfan lykwols oprinne ta tsientallen prosinten fan it kapitaal. By lytsere bedriuwen, lykas ienmanssaken, wêrby't de eigner gjin lean ûntfangt, spilet winst ek in rol as fergoeding foar ferrjochte arbeid.
By in mear as normale winst wurdt sprutsen fan surpluswinst of ekonomyske rinte.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.