Winchester Model 1866
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Winchester Model 1866 is in model hefboomladend repeteargewear fan 'e Amerikaanske Winchester Repeating Arms Company, dat foar it earst op 'e merk brocht waard yn 1866. It wie in ferbettere ferzje fan it Henry-gewear út 1860. Fanwegen it opfallende gielich metalene frame fan it laadmeganisme krige de Winchester Model 1866 de bynamme Yellow Boy. It fjoerwapen waard brûkt troch de legers fan Frankryk en it Osmaanske Ryk. Hoewol't yn 1873 in moderner model Winchester-gewear beskikber kaam, gie de produksje fan 'e Winchester Model 1866 fanwegen oanhâldende fraach troch oant 1898. Dat kaam om't it in betrouber wapen wie dat in stik goedkeaper wie as syn fan in stielen frame foarsjoene opfolgers.
Fluch de feiten
Winchester Model 1866 | ||
![]() | ||
algemiene ynformaasje | ||
offisjele namme | Winchester Model 1866 | |
nasjonaliteit | ![]() | |
type wapen | gewear | |
tsjinstskiednis | ||
brûkt troch | ![]() ![]() | |
tsjinstwapen | 1870 – ±1885 | |
konflikt(en) | Am. Yndiaanske oarloggen Frânsk-Dútske Oarloch Russysk-Turkske Oarl. (1877) | |
ûntwerpskiednis | ||
ûntwerper | Nelson King | |
ûntwurpen | 1866 | |
fabrikant | Winchester Repeating Arms Company | |
yn produksje | 1866 – 1898 | |
oantal prod. | krapoan 160.000 | |
farianten | gewear, karabyn, 'musket' | |
spesifikaasjes | ||
lingte | 110 sm |
Slute