Whiteout (film út 2009)
film út 2009 fan Len Wiseman, Dominic Sena en Stuart Baird / From Wikipedia, the free encyclopedia
Whiteout is in Amerikaansk-Frânsk-Kanadeeske skrillerfilm út 2009 ûnder rezjy fan Dominic Sena, mei yn 'e haadrollen Kate Beckinsale en Tom Skerritt. De titel ferwiist nei in white-out, in sniestoarm sa fûleindich dat men inkeld noch wyt sjocht. It ferhaal giet oer U.S. marshal Carrie Stetko, dy't stasjonearre is op in Amerikaanske basis op Antarktika. Yn 'e lêste dagen foar de ûntromming fan 'e basis yn tarieding op 'e Antarktyske winter wurdt fier fan alle bewenning it lyk fan in man fûn; hy blykt fermoarde te wêzen. Stetko moat der foar de ôfreis fan eltsenien efter sjen te kommen troch wa en wêrom. Whiteout krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.
Fluch de feiten
Whiteout | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Dominic Sena | |
produsint | Joel Silver Susan Downey David Gambino | |
senario | Jon Hoeber Erich Hoeber Chad Hayes Carey Hayes | |
basearre op | de stripsearje fan Greg Rucka en Steve Lieber | |
kamerarezjy | Christopher Soos | |
muzyk | John Frizzell | |
filmstudio | Dark Castle Entertainment Optimum Releasing | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Kate Backinsale Tom Skerritt | |
byrollen | Gabriel Macht Columbus Short Alex O'Loughlin | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Frankryk Kanada | |
premiêre | 11 septimber 2009 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | skrillerfilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Russysk) | |
spyltiid | 101 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $35 miljoen | |
opbringst | $17,8 miljoen |
Slute