Wetterlânsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Wetterlânsk (Wetterlânsk: Waoterlands) is it Hollânske dialekt dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e lânstreek Wetterlân, de krite oan 'e Noardhollânske Iselmarkust tusken Skarwâld en Durgerdam. De súdgrins fan it dialektgebiet wurdt oanjûn troch it IJ. Krekt as de noardliker sprutsen Westfryske dialekten is dit in Hollânske taalfoarm op in Frysk substraat. Behalven mei it Westfrysk is it Wetterlânsk ek nau besibbe oan it fierder it binnenlân yn sprutsen Saansk.
Fluch de feiten
Wetterlânsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Waoterlands | |
lânseigen yn | ![]() | |
tal sprekkers | 20.000 (2009, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Wetterlânsk | |
dialekten | Foalendamsk, Markersk, Mûntsjedamsk, Purmereinsk |
Slute