Hûs
From Wikipedia, the free encyclopedia
In hûs, wente of wenning is in gebou of in diel fan in gebou dat bedoeld is om minsken yn wenje te litten. It biedt beskerming tsjin waar en eventuele binnenkringende minsken en bisten, en kin ornaris nei eigen smaak ynrjochte wurde. Huzen besteane út ferskate romten, wêrfan't de grutteren keamers neamd wurde. Bewenners brûke huzen fan âlds benammen om yn te sliepen, te iten en drinken en frije tiid troch te bringen. In hûs kin it eigendom wêze fan 'e bewenner of oars kin it hierd wurde. Der besteane in protte ferskillende soarten huzen, en huzen kinne ek fan in protte ferskillende soarten materialen boud wurde. Ek as men gjin húsdieren hat, dielt men jins hûs yn frijwol alle gefallen mei beskate bisten.
- Dizze side giet oer in gebou om yn te wenjen. Foar oare betsjuttings, sjoch: hûs (betsjuttingsside).
- Huzen wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Huzen (betsjuttingsside).