Húske
From Wikipedia, the free encyclopedia
In húske, wc, toilet of gemak is in sanitêr ûnderdiel fan in gebou, dat bedoeld is foar it opfangen en ôffieren fan in minsklike urine en ûntlêsting. Yn 'e Westerske wrâld binne tsjintwurdich porseleinen trochspielhúskes de noarm, wêrby't men plaknimt op it toilet, en de urine en ûntlêsting fuortspield wurde mei wetter, om dan fia ôffierbuizen yn it rioel of in bearput te bedarjen. Itselde bart by hoksetoiletten, dy't yn East-Aazje ynboargere binne, en wêrby't men net op it toilet sels sit, mar yn 'e hoksen sitten giet boppe in gat yn 'e flier. De term 'toilet' komt út it Frânsk; de namme 'wc', fan it Ingelske water closet ("wetterkast"), dy't yn it spraakgebrûk as synonym mei 'húske' brûkt wurdt, ferwiist strikt nommen inkeld nei trochspielhúskes en net nei oare foarmen fan toiletten.