From Wikipedia, the free encyclopedia
It gemeentewapen fan Smellingerlân waard mooglik al ynfierd yn de 17e iuw troch de Van Haersma's. Yn 1818 stelde de Hege Ried fan Adel as offisjele omskriuwing fêst:
Fan sulver, beladen mei 5 griene beamen steande op in natuerlike foargrûn, dêr't in hart fan keel foarbyspringt. It skyld mei in kroan fan goud.
(keel = read). Sûnt begjin '91 hat Smallingerlân in nije ferzje nei oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk.
Op de kroan sitte fiif edelstiennen, trije reade-rút-foarmige skitterstiennen mei 2 griene-ovale stienen der tusken. Op de haadbân sit in loftige gouden blêdekrânse mei tusken de delbûgjende bôgen iepen trochsjoch. De boppekrânse hat trije grutte moerbei blêden mei twa wite trijefâldige pearel troskes der tusken. Oer de betsjutting fan de symboalen binne de mieningen ferdield. De fiif griene bemamnen soenen wize kinne op it boskrike gebiet fan de Fryske Wâlden, mar kinne ek symboal stean kinne foar de rjochtspraak. It oantal fiif is wolris ferklearre as ferwizing nei de fiif tsjerkedoarpen út dy tiid. It hart soe ferwize nei it feit dat yn Drachten eartiids rjocht sprutsen waard. In oare histoarikus mient dat it hart ferwiist nei it jachtrjocht.
Wyt, grien en read binne de kombinearre kleuren fan de eardere 'goaen' of 'kertieren' Sânwâlden en Eastergoa. De kleuren fan Sânwâlden binne grien en wyt, fan Eastergoa binne read en wyt. Hoewol't Smellingerlân altiten by Eastergoa hearde, leit it yn it grinsgebiet tsjin Sânwâlden oan. Fandêr de kombinearre kleuren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.