Waldemar IV fan Denemark

From Wikipedia, the free encyclopedia

Waldemar IV fan Denemark

Waldemar IV (of Waldemar Atterdag) (1321 - 24 oktober 1375), wie kening fan Denemark fan 1340 - 1375. Hy wie de jongste soan fan Kristoffel II fan Denemark en Euphemia fan Pommeren. Hy wie troud mei Helwych fan Sleeswyk

Thumb
Waldemar Atterdag ôfbyld yn de Sint-Pitertsjerke fan Næstved

Bern:

  • Kristoffer fan Denemark
  • Margareta (1345-1350), ferloofd mei hartoch Hindrik III fan Mecklenburg (1337-1383)
  • Ingeborg (1347-1370), troud mei hartoch Hindrik III fan Mecklenburg (1337-1383)
  • Margareta (I) (1353-1412), regearre as keninginne oer Denemark, Noarwegen en Sweden, en mem fan syn direkte opfolger Olaf II fan Denemark.

Waldemar IV brocht it grutstepart fan syn jeugd yn ballingskip troch yn Dútslân oan it hof fan Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk, neidat syn heit ferslein wie. Dêr waard hy oplaat as takomstich kening fan Denemark. Waldemar IV waard yn 1340 as kening keazen neidat greve Gerard II fan Holstein, de feitlike machthawwer yn Denemark yn it interregnum (1332-1340), fermoarde wie. Waldemar IV wie no eigentlik allinnich noch mar machthawwer yn de noardlike streken fan Jutlân, de rest fan it lân wie noch ferpachte oan Deenske en Dútske aristokraten.

Waldemar IV wie ek de earste kening dy't ´hearsker´ fan Kopenhagen wurde soe, in posysje dy 't oant dy tiid beklaaid waard troch de biskop fan Roskilde.

Waldemar IV is in wichtich persoan yn de Deenske histoarje; hy brocht geandewei de rest fan Jutlân en Seeland ûnder syn kontrole en úteinlik weriene hy Denemark troch ek Skåne yn 1360 te feroverjen. Syn wurkwize wie in griemmank fan hege belestingheffing, lieningen oangean by de noardlike Dútske prinsen en in stapsgewize ûnderwerping fan de gewesten dy't ferpachte wienen. Yn 1346 ferkocht hy it Hartochdom Estlân, dat yn werklikheid eigentlik al in Dútske koloanje wie, om jildmiddels frij te meitsjen om de ferpachte Deenske gewesten weromkeapje te kinnen.

Syn polityk soe yn it begjin troch de Deenske befolking akseptearre wurde, mar soe al gau wjerstân oproppe ûnder de aristokrasy fan Jutlân. Twarres yn de 1350-er jierren soenen se in oproer teweech bringe, dy 't beide troch Waldemar IV ûnderdrukt wurde soenen.

Syn posysje as kening wie basearre op syn militêre macht en in loyale aristokrasy dy't de basis foarmje soene foar de hearskippij fan de Deenske keningen oant 1440. In protte bûtenlanners waarden oansteld as heechste amtner en riedsman. De belangrykste ûnder harren wie de Dútsk-Slavyske edelman Henning Podebusk dy't drost (lieder fan de regearing) wurde soe fan 1365-1388.

Waldemar IV weriene net allinnich Denemark, mar soe ek súksesfol de Deenske rol as regionale grutmacht werstelle. Hy die oanfallen yn de noardlike Dútslannen (Sleeswyk en Holstein) en yn Sweden en focht ek tsjin it Hânzestêdebûn troch middel fan de ferovering yn 1361 fan it Hânze-eilân Gotlân. Dochs soe it konflikt mei it Hânzebûn einigje yn in Deenske nederlaach en yn 1370 waard Waldemar IV twongen om him te ûnderwerpen oan it Ferdrach fan Stralsund wat ynhold dat hy wat ekonomyske en formele konsesjes tastean moast oan it Hânzebûn. Dy nederlaach wjerhâlde him der net fan te besykjen om Súd-Jutlân wer ûnder syn kontrôle te krijen, in poging dy't súksesfol like oant it momint dat hy hommels kaam te ferstjerren.

Waldemar IV waard begroeven yn de tsjerke fan de Akademy yn Sorø.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.