From Wikipedia, the free encyclopedia
De Paul Earste Naasje (Ingelsk: Paul First Nation), foarhinne de Paul Troep (Paul Band) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it sintrale part fan 'e provinsje Alberta. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) As offisjele stamme-organisaasje datearret de Paul Earste Naasje fan 1877. It haadkertier is fêstige yn Wabamun, yn Alberta, in doarp dat 67 km bewesten de stêd Edmonton leit.
Paul Earste Naasje | ||
Ingelsk | Paul First Nation | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Alberta | |
haadkertier | Wabamun (Alberta) | |
etnisiteit | Stony, Kry | |
ledetal | 1.900 (2005) | |
oprjochting | 1877 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Wabamun Reservaat 133A Wabamun Reservaat 133B Buck Lake Reservaat 133C | |
lokaasje | sintraal Alberta | |
oerflak | 731/2 km² | |
ynwennertal | 1.100 (2011) | |
kaart | ||
Lokaasje yn Alberta.
|
Neffens gegegevens út 2005 hie de Paul Earste Naasje doe 1.900 leden. Dat binne foar it meastepart út etnyske Stony (Stoney), fan 'e substamme fan 'e Noardlike Stony, mei dêropta noch in groep Kry (Cree), fan 'e Wâld-Kry-substamme. Mei't der troch de jierren hinne mar frijwat yninoar omtroud is, leit in yndieling neffens etnyske skiedslinen wat dreech, mar rûchwei kin sein wurde dat der likernôch 1.600 Stony en sa'n 300 Kry wêze moatte.
De Paul Earste Naasje hat trije eigen reservaten yn 'e omkriten fan Wabamun, dy't yn totaal 73½ km² beslane en yn 2011 in ynwennertal hiene fan 1.086 minsken. It giet om 'e folgjende reservaten:
De opperhaden fan 'e Paul Earste Naasje fan 'e Noardlike Stony ûndertekenen yn 1877 in offisjeel dokumint wêrmei't se harren oansleaten by it Ferdrach Nû. 6, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Britske koloniale autoriteiten fan Kanada. Yn 1892 waarden offisjeel de trije reservaten fan 'e Paul Earste Naasje oprjochte. Mei't de Wabamunmar yn Alberta in populêre fakânsjebestimming is, hat de stamme op reservaatlân de Ironhead Golf and Country Club oanlein, om mei te profitearjen fan it toerisme.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.