Twadde Wrâldkriich
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Twadde Wrâldkriich, dy't duorre fan 1939 oant 1945, wurdt sa neamd omdat it de twadde oarloch wie dêr't lannen fan sawat alle kontininten mei anneks wiene. Sawol de earste as de twadde wrâldkriich wiene oarloggen fan in skealje dy syn fergeliking net hat. Yn de twadde wrâldkriich lieten sa'n 55 miljoen minksen it libben. De massamoard op 6 miljoen Joaden, meast de holocaust neamd, troch Adolf Hitler initiearre en troch Himmler en oaren organisearre, is foar in soad minksen in ûnferjitlik trauma bleaun.
Twadde Wrâldoarloch | |
Dielnimmende lannen. De alliearden yn it blau, de sintralen yn it swart, de kommunisten yn it read. | |
Detailkaart fan Jeropa. De alliearden yn it grien, de sintrale mogendheden yn it giel. | |
Datum | 1939-1945 |
Plak fan kriich | Wrâldwiid |
Gefolch fan de Oarloch |
|
Machtsferhâldingen | |
Wichtichste Alliearden |
|
Militêre Slachtoffers: 17 miljoen | |
Sintralen | |
Militêre Slachtoffers: 8 miljoen |
It haadstriidtoaniel wie Jeropa mar ek Aazje waard bot troffen. De oarloch wreide him út nei de wrâldseeën. Trije agressors, Dútslân, Itaalje en Japan, foarmen in pakt. De lannen dy't meiïnoar de tsjinoanfal ynsetten wienen Frankryk en Grut-Brittanje mei oare lannen fan it Britske Steatebûn, dêr't Kanada, Súd-Afrika en Australië by hearden. Sy foarmen in gearwurkingsferbân, stipe troch de measte besette gebieten, dat nei anology mei de Earste Wrâldkriich de Alliearden neamd waard. Letter kamen hjir de Sowjetuny en de Feriene Steaten noch by.
Foar Nederlân duorre dizze oarloch fan 10 maaie 1940 oant 5 maaie 1945. Fryslân waard op 15 april al befrije troch de Kanadezen. Op 8 maaie 1945 wie yn Jeropa dizze wâldkriich oer.