From Wikipedia, the free encyclopedia
Willem Hendricus Hoekwater (Charlois, gemeente Rotterdam, 29 maaie 1865 - ??), soan fan Hendricus Nicolaas Adianus Hoekwater en Cornelia Barendregt. Hy wie in Nederlânske ûnderwizer en tekener.
Hy makke ûnder oare de 4 - blêdige Polderkaart van de landen tusschen Maas en IJ, in útjefte fan C.A.J. van Dishoeck te Amsterdam, dy't yn 1901 publisearre waard. Dy yn kleur printe skoalkaart, op skaal 1:50.000, toant in gebiet fan Waterland noardlik fan Amsterdam oant de Maas yn súdlike rjochting. Yntekene stean hûnderten polders, harren nammen en de djipte ûnder N.A.P. en it jier wêryn't dy drûchlein waarden.
Op 11 augustus 1892 troude Willem Hendricus yn Charlois mei Cornelia Maat, berne 26 augustus 1864 te Alblasserdam en stoarn 19 desimber 1956 yn Epe, dochter fan Arie Maat en Jannetje 't Hoen. Hy wenne en wurke doe al yn Amsterdam.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maps of polders in the Netherlands drawn by W.H. Hoekwater fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.