From Wikipedia, the free encyclopedia
Voorst is in gemeente yn Gelderlân. It leit tusken de Isel yn it easten, de gemeente Epe yn it noarden en de gemeente Apeldoarn yn it westen yn. De gemeente hat 25.388 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 126,52 km². It haadplak fan de gemeente is Twello.
Gemeente Voorst
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Gelderlân | ||||||
Boargemaster | Jos Penninx | ||||||
Haadplak | Voorst | ||||||
Oerflak - wetter |
126,52 km² - 3,41 km² | ||||||
Ynwenners | 25.388 | ||||||
Ferkearsieren | A1 N344 N345 N789 N790 N791 | ||||||
Netnûmer | 055, 0570, 0571 | ||||||
Postkoades | 7382-7384, 7390-7391, 7395-7397, 7439 | ||||||
Offisjeel webstee | www.voorst.nl |
Yn de gemeente stiet û.o. it kastiel Nijenbeek. Voorst waard as gemeente yn 1811 opjochte, wêrnei't it op 1 jannewaris 1812 in grut diel fan syn grûngebiet ferlear doe't Twello en Wilp selsstannige gemeenten waarden. Yn 1818 ûntstie Voorst yn syn hjoeddeistige foarm doe't de doetiidske gemeente Voorst fúzjearre mei de gemeenten Nijbroek, Twello en Wilp.
Njonken it haadplak Twello lizze de folgjende doarpen yn de gemeente: Bussloo, Klarenbeek, Nijbroek, Terwolde, Teuge, Voorst, Wilp en Wilp-Achterhoek. Fierders hat de gemeente de buorskippen Appen, Duistervoorde, Gietelo, De Kar, Klein Amsterdam, Noord-Emp, Posterenk, Spekhoek, Steenenkamer, De Vecht en De Wijk.
Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.