Victoria (Ruslân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Victoria (Russysk: Виктория) is in tige ïsolearre eilân op sa'n 160 kilometer bewesten de arsjipel Franz Joseflân en likernôch 60 kilometer eastlik fan it eilân Kvitøya (Spitsbergen). It leit oan de noardgrins fan de Barentssee, it meast noardwestlike stikje Ruslân. Geografysk heart it net ta Frans Jozeflân, dêr't it fan skieden wurdt troch de Frans Victortroch, mar bestjoerlik wurdt it dêr wol ta rekkene yn it gemeentlik distrikt Primorski (oblast Archangelsk) fan de Russyske oblast Archangelsk. Sûnt 2009 is it in diel fan it nasjonaal park Roesskaja Arktika.
It eilân mjit 5 by 2,5 kilometer, hat in oerflak fan 14 km² en in hichte oant 105 meter. It noardpunt wurdt Kaap Knipovitsj neamd (sjoch skiednis). It eilân is hast folslein mei iis bedutsen.