Västerås
From Wikipedia, the free encyclopedia
Västerås (sprek út as: wester-oos) is in stêd yn it lânskip Västmanland yn Midden-Sweden. It is it haadplak fan de gemeente Västerås en de haadstêd fan de provinsje Västmanlands län. De stêd hie 107.005 ynwenners yn 2005 en in oerflak fan 5173 hektare. It plak leit oan de Mälarmar, krekt as Stokholm, dat sa'n 100 kilometer be-easten Västerås leit.
Fluch de feiten
Västerås | ||
Polityk | ||
Lân | Sweden | |
Provinsje | Västmanlands län | |
Gemeente | Västerås | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 110.877↑ (2010) | |
Oerflak | 52,94 km² | |
Befolkingsticht. | 2094 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | CEST (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
www.vasteras.se |
Slute
Västerås hat in katedraal út de 13e iuw.
Västerås is grut wurden troch twa ynternasjonale yndustryen, ASEA (no ABB), dy't Sweden as spesjalist op it mêd fan swiere elektrotechnyk op de kaart set hat, en in grut metaalbedriuw. Yn 1990 fierde Västerås syn tûzenjierrich bestean.