From Wikipedia, the free encyclopedia
Utstrûpers (skift Ephemeroptera) binne fine ynsekten mei in tear lichem, twa pear wjukken, grutte eagen, koarte boarsteleftige antennes en lange sturttriedden.
Utstrûpers libje ifierwei it grutste part fan harren bestean as nimfen yn it wetter; de folwoeksen bisten hawwe degenerearre mûledielen, kinne net ite, en libje mar inkele oeren, dy't brûkt wurde om ta pearing te kommen. Om de kâns op befruchting te fergrutsjen komme de bistkes faak massaal út en binne grutte swermen fan talleaze eksimplaren te sjen. It binne de mantsjes dy't dy swermen foarmje, de wyfkes sykje in swerm op, pearje mei in mantsje en sette koart dêrnei al de aaikes ôf op it wetter.
De nimfen binne gefoelich foar fersmoarging fan it wetter en de oanwêzichheid derfan wiist op in goede wetterkwaliteit. De ûntwikkeling fan de nimfen is unyk foar ynsekten, de nimf hat in soarte sub-adult stadium foardat it definitive ferpopkjen bart.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.